Buertsjekeatsen 2015

Freed 15 maaie 2015 waard foar de twadde kear yn de skiednis fan Jacob Klaver it buertsjekeatsen halden. Keatserij mei grutte bal, sadat iederien meidwaan kin. It is namelik it idee dat je je buorlju freegje mei jo te keatsen. Ek at disse net keatse kinne.

Sommige buerten wienen al wiken lang oan it testen en keuren wa yn de seleksje opnommen wurde moast. Úteinlik wienen der 12 partoeren op'e list. Buerten waarden hjir en der wat grutter makke om toch meidwaan te kinnen. En dat is natuurlik it belangryst: iederien dy keatse wol, moat ek keatse kinne! Yn de earste omloop waard it kaf fan it koren skieden. Der wienen in soad iendúdige partijen. Op ien nei: de clash of the Mr. Jansenstrjitte. Richard de Graaf, Jelle Anema en Debby Nijman namen it op tsjin Klaas Goodijk, Lyssa van der Ende en Kevin van Krugten. Hjir moast bepaald wurde wa de titel Mr. Jansenstrjitte 1 krije mocht.. En dat gie der om wei. Pas op 5 - 5 koe de striid beslist wurde. Op 6 - 4 wie it Jelle dy de keats foarby sloech, wertroch sy fierder gienen foar de krans. Richard, dy't yn de ofdielingswedstryden goed nei Gert-Anne sjocht, is in steady faktor yn it partoer. Jelle kin mei syn underhanse slagje de ballen mear dan goed fuortkrije. Debby kin sich restich halde mei disse twa mannen en slaat gjin bal bûten. In útbreiding oer disse trije, omdat sy net allinich de nummer 1 waarden fan de Mr. Jansenstrjitte, mar ek de nummer 1 fan Mantgum. Nei yn de twadde omloop wun te hawwen fan Nij Hoxwier (Halbe van der Valk, Albert Reitsema en Foppe Tinga), waard dernei It Eilan (Sjirk de Groot, Jennie Terpstra en Tom Trentelman) ferslein. Yn de finale wienen Wilco en Rutger Fopma de tsjinstanders. Rutger giet syn heit yn lingte hast foarby en stiet hiel best fan sich of te slaan. Wilco is noch wol besich syn soad wat hoekjetûk te meitsjen. Mei de kop keatse is it kredo! It mei allegear net bate.. Nei in spannende finale giet op 5 - 5 en 6 - 4 de winst nei de Mr Jansenstrjitte. Foarich jier wie de priis foar de Fearhúshoeke. Dit jier de Mr. Jansenstrjitte. Wa wurdt it oar jier?! Hjir is al útgebreid oer neipraten by in lang neipetear. Moarns betiid kamen de letsten pas thús oan.. De keatserij, mar ek seker de neisit binne foar herhelling fatber! Graach oant de bbq-partij!! Útslach: Mr. Jansenstrjitte 1 (Richard de Graaf, Jelle Anema, Debby Nijman) It Bosk (Wilco en Rutger Fopma) Mr Jansenstrjitte 2 (Klaas Goodijk, Lyssa van der Ende, Kevin van Krugten)

Geplaatst op 22 May 2015